Friestalig

12 resultaten in Friestalig | sorteer op | Weergave:   
Boekomslag It beest fan de Westereen
In spannend boek oer in bysûndere dûmny op de Westereen. Friestalig.
Lees meer
vanaf  € 7,50
Boekomslag Moard yn 'e hite hei
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder.
Lees meer
vanaf  € 4,95
Boekomslag Hierbak
Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren.
Lees meer
vanaf  € 17,50
Boekomslag Tantalus trilogy
Yn dizze momumintale roman, dêr't de trije dielen fan de Tantalus-searje yn bondele wurde, beskriuwt Manuela Köster it libben fan Fayda Eldamaty. Fayda is in tige selsstannige frou, dy't wit hoe't se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus.
Lees meer
vanaf  € 8,50
Boekomslag Allegearre snie
De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let.
Lees meer
vanaf  € 4,95
Boekomslag Tichtby
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen.
Lees meer
vanaf  € 19,95
Boekomslag Fryske horror
Seis ferhalen en in oersetting, live opnommen op de Horrortour fan Regaad. Friestalig
Lees meer
vanaf  € 4,00
Boekomslag Lykspul
Plysje-ynspekteur Ale Alema sjocht mei nocht nei in fuotbalwedstryd fan SC Hearrenfean tsjin Ajax, mar dan wurdt er der ynienen by weihelle. Der is in lyk fûn yn de klaaikeamer en dat is nuver tramtearre. It is de kondysjetrener fan de klub, in man dy't net oeral like noflik lei. Der leit in link mei in Sweedske spiler en ek mei in soartgelikense moard yn Sweden.
Lees meer
vanaf  € 15,50
Boekomslag Komme dy kepers? / Boef fan Rys
Mei Komme dy kepers? (1969) en Boef fan Rys (1972) foege Van der Leeest in nij sjenre ta oan de Fryske literatuer. Yn de boartlike detektiveferhalen oer Nier Hinnebruier en Dynte Planteit lit er syn personaazjes gâns wylde avontoeren belibje. Hja ferkeare derby yn lúkse fermiddens sa't dy net earder beskreaun wiene yn it Frysk.
Lees meer
vanaf  € 7,00
Boekomslag Djipdún
Anna Buttenveldt van Him fan Beetstersweach wurdt fermist. Har man Germ kloppet by resjersjeur Ale Alema oan, mar as se de twadde kear ôfprate fynt de Bontebokker Germ yn it koetshús, delslein. De fynst fan it boek Dramatysk Djipdún, skreaun troch Anna is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet.
Lees meer
vanaf  € 17,50
Boekomslag De SUC-saak en de bonken fan Brongergea
Resjersjeur Ale Alema fan it plysjeburo fan it Hearrenfean sit wat yn in labile tiid. Wurk is der genôch om yn ûnder te dûken en miskien om wer wat hâldfêst yn te finen. Lykwols, tusken de drokke dagen sitte de swarte nachten en de flesse drank is op ‘e taast wol te finen.
Lees meer
vanaf  € 17,50
Boekomslag De Fûke
Guon boeken hearre ta de kearn fan de literatuer. De Fûke fan Rink van der Velde (1932-2001) is sa'n boek. Friestalig
Lees meer
vanaf  € 6,75