Friestalig

474 resultaten in Friestalig | sorteer op | Weergave:   
Boekomslag In balpinne tsjin 'e râne fan it trotwaar
Koartswyl, satire, grutte gedachten, lytse gedachten, de balpinne set Meindert Bylsma oan ta skriuwen. En dan kinne jo alles ferwachtsje. Fan mearkes oant gedichten fan neat. In bysûndere samling fan in orizjinele geast, dy't al ferskate opfallende spoaren neilitten hat yn de Fryske literatuer.
Lees meer
vanaf  € 12,50
Boekomslag Sulver en minsken
'Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan saaklike belangen. Dy ha har eigen wet en rjucht. Mar it is baseard op wat it bêste útkomt en is ûnminsklik. It is net rjuchtskepen, hat net dy tiidloasheid en dy kracht dy't men inkeld fine kin yn in moreel begjinsel.'
Dat sitaat soe men mei rjucht it tema neame kinne fan dit boek Sulver en minsken (1904).
Lees meer
vanaf  € 29,50
Boekomslag Kevers
Dizze Fryske natoergids Kevers • biedt de mooglikheid om yn de kunde te kommen mei de gauris ûnbekende, mar fassinearjende wrâld fan de kevers • makket de rike wrâld fan de tûzenen soarten kevers oersichtliker • giet yn it Foaropwurd en Ynlieding yn op de wichtichste saken oer kevers en 'keverkunde', mei in aksint op de Fryske sitewaasje • jout in beskriuwing f
Lees meer
vanaf  € 12,50
Boekomslag Remus Reuzemûs
Remus skept altyd op dat er sa grut en sterk is. Mar de oare mûzen lústerje dêr al net mear nei. Dêrom beslút er op in dei om wat te dwaan dêr't se fêst fan opsjen sille. Hy makket in ljedder en klimt dan yn in hege beam. Mar de ljedder waait fuort en de oare mûzen hawwe him net iens sjoen. Gelokkich sjocht de moanne wol nei Remus.
Lees meer
vanaf  € 7,50
Boekomslag Wek yn ’e rivier
In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn 'e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake.
Lees meer
vanaf  € 19,50
Boekomslag Rosmos
Hedzer, telch út it romrofte Mebiuslaach, ûntflechtet it miljeu dêr't er yn grut wurden is. Gjin wiithannel, kontrabande of yllegale saakjes mear foar him. Dochs falt it him net ta om syn Mebiuswêzen samar oan 'e kant te skowen. Hedzer bedarret yn it nachtlibben, moetet in lichte fûgel en wurdt ferlyfd. Fan dat momint ôf rekket syn libben yn in streamfersnelling.
Lees meer
vanaf  € 10,00
Boekomslag Fan libben en dea
Fan libben en dea is de bondeling fan trije resinte toanielstikken fan Bouke Oldenhof mei in oerkoepeljend tema. Yn Feteranen (2015), foar dy nei dy (2016) en It wie op in simmerjûn ( 2019) stride minsken om in weardefol bestean, wylst de dea altyd by har yn de buert is.
Lees meer
vanaf  € 17,50
Boekomslag Pûlen-yn-de-pot
Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen.
Lees meer
vanaf  € 6,50
Boekomslag Samle fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma
Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân, benammen gedichten oer tsjerken.
Lees meer
vanaf  € 8,50
Boekomslag De humor yn
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha.
Lees meer
vanaf  € 4,95
Boekomslag Dreaun fan ierde’ dream
It libben fan Obe Postma hat ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it ûnderwiis. Syn wittenskiplik wurk is ynbêde yn ynternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poëzy.
Lees meer
vanaf  € 35,00
Boekomslag Hâldsto altyd fan my?
Lytse Bear makket him soargen. Hy is net altyd leaf. Sil mem dan noch wol fan him hâlde? Wat as er alles stikken makket? Wat as mem der net mear wêze soe? Mar memmeleafde is sterk en hy ûntdekt: neat sil dat feroarje.
Lees meer
vanaf  € 13,95
Boekomslag Dêr is se dan! En wat no?
vanaf  € 13,95
Boekomslag Tinne Twigen
Elk minskebern stiet op 'e skouders fan syn foarâlden. Hy ken syn heit en mem, syn pake en beppe en soms noch syn oerpake of oerbeppe, mar dan hâldt it wol op. Al dy oaren wurde wei yn de dize fan it ferliene. Mar doch: se hawwe libbe. Minsken fan fleis en bloed.
Lees meer
vanaf  € 16,35
Boekomslag In hûs foar Harry
Harry is altyd yn 'e hûs. Oant Yfke freget om tikkerke te dwaan. Hy draaft achter har oan en rekket it paad kwyt.
Lees meer
vanaf  € 15,99
Boekomslag It aldermoaiste Dinoboek
It aldermoaiste Dinoboek Kartonboek mei lûden en in hiel soad flapkes! Wêr sitte de lytse (en de grutte) dino's? Watfoar dino is it en wat yt er? Do hearst allegear spannende lûden en wat soe der achter de flapkes sitte? Frysk, karton, 10 siden mei lûden en flapkes, Afûk.
Lees meer
vanaf  € 14,99
Boekomslag De Jorwerter dweilstikken
De Jorwerter Dweilstikken befettet in seleksje fan de humoristyske, ûntroerende en soms sterke ferhalen dy't mei fjoer ferteld wurde – kear op kear – oan de stamtafel fan it kafee yn Jorwert. In earbetoan oan it doarp mei syn kleurrike ynwenners: ambachtslju, boeren, middenstanners, dûmnys en notarissen.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Underweis
Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings. Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra's en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân.
Lees meer
vanaf  € 17,50
Boekomslag Mei ik yn dyn pemper sjen?
Mûske is ôfgryslik nijsgjirrich Oerol wol er yn sjen, sels yn de pempers fan syn freonen Haske, Geitsje, Hûntsje, Koke, Hopke en Barchje, ien foar ien komme se oan de beurt. Dan wolle de freonen fansels ek wol witte wat der yn de pemper fan Mûske sit. Der wachtet har in grutte ferrassing.
Lees meer
vanaf  € 16,95
Boekomslag It libben fan in Labbekak
Het leven van een Loser: Fryske edysje.

It libben fan in Labbekak is it earste diel yn 'e megasuksesfolle searje It libben fan in Labbekak fan Jeff Kinney. It ferhaal fan in ûnferjitlike antyheld.

Sjoerd fynt it libben in hel.
Lees meer
vanaf  € 15,50
Boekomslag Ferbûn en sjoen
“Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben” bestiet foar it grutste part út religieuze poëzij. De skriuwer waard tige kristlik grutbrocht wat in djippe útwurking op him hie. Hy keas der dan ek foar om theology te studearjen om antwurd op syn fragen te krijen. Mar der kamen mear fragen by as dat der oplost waarden.
Lees meer
vanaf  € 19,90
Boekomslag Ofskaid en utsicht
Dit boek gaat over herinneringen aan mensen en het Bildt. De gemeente het Bildt is er niet meer. Op de plaatsnaamborden staat Waadhoeke. ''t Plakky grônd met de naam 't Bildt blyft, maar de administrative naam is weg. Wat gelukkig ok blyft, is 't útsicht op 'n diiskouwe winterdâg.' Woorden bringe niet werom wat weest het. Se kinne wel herinnerings tot leven bringe.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag It leafst bin ik in fûgel
It leafst bin ik in fûgel Poëzy foar bern fan 9-99 jier Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma Yllustraasjes fan: Marijke Klompmaker Foarmjou
Lees meer
vanaf  € 12,50
Boekomslag De trije klokketiers fan Koartsweagen
Pier giet mei syn klasse op skoalreiske. Hy is tige teloarsteld dat se dit jier net nei in waadeilân sille lykas oars, mar nei Koartsweagen. Krammele. Koartsweagen. Dêr is dochs hielendal neat te dwaan?! Mar as er mei Lars, syn freon, alfêst op Google Maps de kampearbuorkerij opsiket, krije se in idee.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Hoe is it yn de romte?
Watst altyd al witte woest oer de romte. Hoe is it eins yn de romte? Hoe komst dêr en wêr kinst hinne? Wat dogge astronauten de hiele dei? Kinne wy libje op Mars? Hoe kin ik astronaut wurde? Dat en noch folle mear kinst lêze yn dit prachtige yllustrearre boek, de antwurden fynst achter de flapkes.
Lees meer
vanaf  € 12,95
Boekomslag Lytse bal, grut spul
Lytse bal, grut spul fan Pieter Breuker is in boek oer acht ieuwen keatshistoarje en keatskultuer. It is taspitst op Fryslân, mar omdat rûnom op de wrâld noch oare keatsfarianten spile wurde, sjocht de auteur ek geregeld oer de grinzen, te begjinnen yn Nederlân. De fjouwer haadtema's binne (keatsen en): Histoarje; Kultuer algemien; Taal; Literatuer.
Lees meer
vanaf  € 35,00
Boekomslag In soarte fan bûgjen
Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop.
Lees meer
vanaf  € 7,50
Boekomslag Rêdbâd
“Nea en te ninter hat de skiednis in kening lykas Rêdbâd kend, en syn namme is grut ûnder de himel. Doch wie it in minske lykas alle oaren. En ik, Hadagrim, soan fan Egisgar - mar ek Raven, namme fan Rêdbâd my jûn - sil it libben fan Rêdbâd Kening boekstaverje, alle pryslike en dappere dieden; mar ek de setten dêr't ik it nea mei lykfine kinnen haw.
Lees meer
vanaf  € 22,95
Boekomslag Fier fan alle drokte
Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelân yn it súdwesten fan Ingelân, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in 'boereroman', mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne.
Lees meer
vanaf  € 9,50
Boekomslag It aldermoaiste bisteboek
Kinsto de lytse pykjes helpe om har heit en mem wer te finen? Do hearst allegear spannende lûden en fynst allegear bisten achter de flapkes.
Lees meer
vanaf  € 14,99
Boekomslag De wraak fan de puzelman
In Frysk doarp yn'e ban fan brân De puzelman hie in fleurich bedriuw opboud, in goede bargemesterij. Dat siet lykwols in rike sakeman yn 'e wei, fanwegen de stank dêr't syn frou oer eamele. Mei falske arguminten wrotte er krekt salang dat it bedriuw fan syn buorman fallyt gong. Net ien fan de doarpsgenoaten dy't in hân útstiek om de eigener by te stean.
Lees meer
vanaf  € 17,95
Boekomslag Dit is Stip
In prachtich nij Stipboek foar de alderlytsten, dat sels yn de foarm fan Stip makke is! Leuk om mei te boartsjen én leuk as dekoraasje op de bernekamer!
Lees meer
vanaf  € 8,99
Boekomslag Beafeart
In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje.
Lees meer
vanaf  € 16,90
Boekomslag Monkeys dilemma
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him.
Lees meer
vanaf  € 7,50
Boekomslag Moard yn 'e hite hei
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder.
Lees meer
vanaf  € 4,95
Boekomslag Roman fan in hielmaster
Nei in mystike ûnderfining bekearde Eric Hoekstra him ta it kristendom en makke út 'e fjouwer evangeeljes ien spannende en moderne roman. Na een mystieke ervaring bekeerde Eric Hoekstra zich tot het christendom en maakte uit de vier evangeliën een spannende en moderne roman.
Lees meer
vanaf  € 7,50
Boekomslag Wêr bisto, lytse foks?
Bern fine it hearlik om troch de gatsjes fan dit prachtich yllustrearre boekje op syk te gean nei lytse foks.
Lees meer
vanaf  € 7,50
Boekomslag Stienkeal
Yn de yntime bondel Stienkeal sjocht Elmar Kuiper mei in skerp each werom. It keal stiet foar de jeugd, mar ek foar dea, pine en ûnbegryp. Mei ynmoed skriuwt de dichter oer syn jeugd, syn heit en it wurk as broeder yn 'e psychiatry. Hy ferpleatst him yn 'e wrâld fan in geastlik sike en sjocht út in oar perspektyf wei nei de werklikheid.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Nei de top
Yn Nei de top fertelle seis skriuwers ferhalen oer seis ferneamde Friezen: Abe Lenstra, Maurits Escher, Mata Hari, Grutte Pier, Eise Eisinga en Doutzen Kroes. Se binne yn opdracht skreaun foar it LêsNo-projekt, in lêsbefoarderingsprojekt foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
Lees meer
vanaf  € 8,95
Boekomslag Bart en Bouke
Fries-Nederlands kinderboek voor 8+ Bart en Bouke maile. Se meitsje kennis, se meitsje rûzje, se meitsje wille, mar se ha elkoar noch noait sjoen. Wurdt dat noch wat? Of net................ Bart en Bouke mailen. Ze maken kennis, ze maken ruzie, ze maken lol, maar ze hebben elkaar nog nooit gezien. Wordt dat nog wat? Of niet...................
Lees meer
vanaf  € 14,95
Boekomslag Salang’t de beam bloeit
De Fryske literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân. Troch de iuwen hinne hawwe Fryske skriuwers en dichters yn har eigen taal skreaun: oer harsels, oer har taal en oer har lân. De Fryske literatuer herberget in protte ûnferwachte skatten dy't de muoite fan it ûntdekken wurdich binne. Salang't de beam bloeit is dêr in moaie opstap foar.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Heech Tymo, sjoch omheech
Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se sjoch omheech miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr't Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe.
Lees meer
vanaf  € 19,95
Boekomslag Wêr bisto, lyts oaljefantsje?
Bern fine it hearlik om troch de gatsjes fan dit prachtich yllustrearre boekje op syk te gean nei it lytse oaljefantsje.
Lees meer
vanaf  € 7,50
Boekomslag Sline yn it ferline
Weet u dat nog, even het deksel van de pan omhoog en er een lekker hapje vlees uit prikken? Oppassen dat je je mond niet brandt en snel opeten, want voor je het weer wordt je betrapt. Sline, heet dat in het Fries. In dit boek wordt u de mogelijkheid geboden om te "slinen yn it ferline". De recepten in dit boek zijn aangedragen door verschillende verhalenvertellers.
Lees meer
vanaf  € 9,95
Boekomslag De Ljip
De Ljip is noch altiten in ikoansoart foar ús hiele lân. Yn it foarjier spektakulêr fanwege syn opfallende natuerlike gedrach en fanwege de aaien, wêroer elk jier wol wat te dwaan is. Yn hjerst en mylde winter net te missen fanwege de kolossale groepen ynlânske mar benammen ek bûtenlânske ljippen .
Lees meer
vanaf  € 19,95