Friestalig

18 resultaten in Friestalig | sorteer op | Weergave:   
Boekomslag De Jorwerter dweilstikken
De Jorwerter Dweilstikken befettet in seleksje fan de humoristyske, ûntroerende en soms sterke ferhalen dy't mei fjoer ferteld wurde – kear op kear – oan de stamtafel fan it kafee yn Jorwert. In earbetoan oan it doarp mei syn kleurrike ynwenners: ambachtslju, boeren, middenstanners, dûmnys en notarissen.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Hierbak
Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren.
Lees meer
vanaf  € 17,50
Boekomslag De tredde perioade
Rodion Zakirov makket nei in drege perioade yn syn libben in nije start. Syn gefaarlik oantreklike buorfrou Lara Fedorova fynt him sliepend tusken lege drankflessen en nimt him op sleeptou. Fan de metropoal Moskou ferhuzet er nei Norilsk, boppe de poalsirkel, yn it uterste noarden fan Sibearië.
Lees meer
vanaf  € 19,50
Boekomslag De trettjinde asega
Ruerd van der Zee, natoerkundestudint yn Berkeley, fynt oan de hân fan in âld stikje parkemint út dat de bekende Âldfryske sêge fan 'e tolve asega's wolris mear wêze koe as in optocht ferhaaltsje. Tegearre mei syn faam yn Nederlân, Jikke Post, giet er op 'e sneup.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Fallend ljocht
Twadde printinge 2017 der siet al kop yn myn gedichten doe't de holle noch gjin punt wie as wie ik harsenûnnoazel en koe ik it broaze fan tinken wol ha Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan dizze bondel. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen, en tagelyk fan in wurd dat oait betsjutting hie.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Kikkert is siik
Kikkert leit yn bêd. Hjoed kin hy net út bêd komme. Syn holle is waarm en syn búk docht sear. Bearke wit net wat hy dwaan moat en hy hellet Ein. Sy seit dat Kikkert yn bêd bliuwe moat. Rôt freget of in lekker fiskje helpe soe. Mar Barchje wit krekt wat Kikkert nedich hat. En dan komt Hazze, mar Hazze sjocht net goed út...
Lees meer
vanaf  € 8,99
Boekomslag Heksegrytta
Oan it begjin fan it lêste jier op de basisskoalle komt der in nij famke yn de klasse: Annemoon. Alle bern út de klasse wolle graach freonen mei har wêze, mar Grytta en Bauke fine har mar frjemd. Oarsom fynt Annemoon Grytta ek in nuverenien. Daliks al, as se it lokaal ynstapt. It is krekt as sjocht Grytta dwers troch har hinne...
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Speurnoazen yn Park Fiversburch
Watfoar frjemd lûd is dat?
Kick en Saar skrikke der nachts wekker fan.
Saar tinkt dat it lûd út it âlde park fan Filla Fiversburch komt ... As echte speurnoazen geane se op ûndersyk út.
Lees meer
vanaf  € 12,50
Boekomslag Oarloch yn en om Grou
Grou ûnder de Dútsers. Dat is it ferhaal dat Ulke Brolsma yn syn nijste boek fertelt. Hoe't it moaie doarp yn wetterlân hieltyd mear mei de besetter te krijen hat. Der komme ûnderdûkers nei Grou en omkriten. It ferset stekt syn kop op. Minsken dy't harren libben der foar oer hawwe om de Dútsers oan te pakken. En fansels de ferrieders, dy binne der ek.
Lees meer
vanaf  € 19,90
Boekomslag Op ús eigen wize
Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme.
Lees meer
vanaf  € 22,50
Boekomslag De Nova Scotia staazje
'Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.' Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy't op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr't de sfear him benearet.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Sweltsjes fan Gaast
Theunis Piersma is heechlearaar Trekfûgelekology yn Grins en is in ynternasjonale autoriteit op dat gebied. Op syn fakgebied hat Piersma in ôfgryslik soad skreaun. Yn syn frije tiid docht er yn syn wenplak Gaast ûndersyk nei sweltsjes. Syn buorfrou frege him 'Wêr bliuwe ús sweltsjes winterdeis, Theunis'.
Lees meer
vanaf  € 15,00
Boekomslag Nijntje yn it museum
"Nijntje en har heit en mem gien nei it museum. Heit pluis fynt nijn te lyts, nijn is noch mar in pjut.
'Te lyts, rôp mem, hoe komst der by'. Nijn sei, 'ik bin al grut' en dus giet nijn mei nei it museum. Dat fynt nijn hartstikke moai. Nijntje sjocht skilderijen, in mobile en sels in stienen byld.
Lees meer
vanaf  € 6,95