categorie: Thrillers en spanning / Thrillers

Tantalus trilogy

miskied en leafde yn Egypte

Koop nu voor
€ 8,50
Uitvoering
E-book (ePub) Fries
Yn dizze momumintale roman, dêr't de trije dielen fan de Tantalus-searje yn bondele wurde, beskriuwt Manuela Köster it libben fan Fayda Eldamaty. Fayda is in tige selsstannige frou, dy't wit hoe't se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Mar as de gloarjetiid fan it Kartel foarby is en Fayda yn in sel sit, liket it of sil se nea mear frij komme. Op tige betûfte wize slagget har dat dochs. En as se tinkt dat se har libben op de rails hat, bringt de fermissing fan har sweager dêr feroaring yn. It is it begjin fan in ferwoeden striid om alles te'n goede te kearen. De ûnbekende tsjinstanner driuwt har hieltyd mear yn it nau. Om him te ferslaan siket se stipe by immen út har ferline. Skriuwster Manuela Köster toant mei dizze flot skreaune, ferrassende en spannende misdiedromans, dat se in betûft ferteller is, dy't út in grutte ferbyldingswrâld putte kin. Se nimt de lêzer mei yn in wrâld fan misdied, yntriizje, macht en leafde. Har flotte styl mei soepele dialogen lêst noflik en hâldt de oandacht oan de ferrassende ein ta beet.
Auteur
ISBN9789089548726
Leverbaarheidleverbaar
TaalFries
Datumjuli 2016
Pagina's938
UitvoeringePub met watermerk
ePub-versie2
Bestandsgrootte1716 Kb
UitgeverElikser Uitgeverij

Kijk ook eens naar...