categorie: Literatuur en romans / Literaire fictie

In aap klimt út ’e beam

Niet leverbaar
€ 17,99
Uitvoering
Paperback Fries
Koos Tiemersma (1952) waard bekend troch boeken as De ljedder en Under wetter. De lêste jierren publisearde er ûnder de namme Froon Akker benammen digitaal. Yn 2015 waard syn roman Einum bekroand mei de Gysbert Japicxpriis. Oer In aap klimt út 'e beam: Bobo de aap is ûntsnapt út 'e dieretún om him nei wenjen te setten yn 'e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn 'e fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar, om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy't him yntroduseart by in nije, populistise beweging. Dan giet it rap. Al gau dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma's, rjochtet er út 'e snackbar fan Harrie Kroket wei in buertwacht op, komt er yn 'e kunde mei Spûky, de meast ûnsjogge hûn fan it lân, beswykt er foar de ferliedingen fan 'e leafde, om it mei allerhanne dubieuze útspraken úteinlik te skoppen ta listlûker fan de Nije Partij. In aap klimt út 'e beam is in mei faasje en humor skreaune satire en foarmet in bitend kommentaar op in maatskippij dêr't ûnfrede foar master opslacht en de waan fan 'e dei regeart.
Auteur
ISBN9789033000188
Leverbaarheidniet leverbaar
Druk1
TaalFries
Datummaart 2017
Pagina's186
Afmetingen230x150x14mm (hxbxd)
Gewicht311 gr
UitgeverFriese Pers Boekerij

Kijk ook eens naar...